05. Hal

Hal De kleurútfiering fan de trep pleatste arsjitekt De Boer foar grutte riedsels. Hy koe gjin wiis wurde út de plattegrûntekening dy't Van Doesburg him stjoerde. By de fraach om neiere útlis stjoerde Van Doesburg noch inkele farianten mei ferskate kleurtapassingen, wat de betizing allinnich mar grutter makke en no by de rekonstruksje ek noch foar in soad ûndúdlikheid soarge. Sjoch ris nei it blauwe flak op de muorre en hoe't dat de romte bepaalt. It is it konsekwint trochfieren fan de kleuren dy't Van Doesburg foar elke romte wer yn in nije kombinaasje gearstalde, mei as útgongspunt om it read, blau en giel mei elkoar yn balâns te bringen. De wyt-, swart- en griistinten spylje dêrby har rol as neutralisator tusken de primêre kleuren. Rin no de trep op en sjoch wat derûnder jo fuotten ferskynt! Jo geane op de oerloop linksôf en kieze it linkerefterkeammerke as earste om te besichtigjen.

Press play to start the audio from the beginning

Museum Dr8888

Museum Dr8888 is in museum foar moderne en hjoeddeiske keunst yn it Fryske Drachten. Oan de hân fan in unyke kolleksje wurken fertelt it museum ferhalen, dy’t wy nea ferjitte meie. Benammen hoe’t Theo van Doesburg en de bruorren Rinsema yn de iere tweintichste ieu de ynternasjonale avant-garde nei Drachten bocht hawwe. Mei in grutte samling wurken út û.o. de keunstbewegings Dada en De Stijl, mar ek út it ekspresjonisme en de útrinners fan de Haagse School leit Museum Dr8888 de klam op it tiidrek tusken de beide wrâldoarloggen: it ynterbellum. Fotografy Mark Sekuur, Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed/Nasjonaal Agintskip foar Kultureel Erfgoed fan Nederlân