03. Efterkeamer

Efterkeamer Der is yn dizze wenning net allinnich kleurûndersyk dien, mar ek de bouhistoarje fan dit pân is trochljochte. Der is sjoen nei boukundige ûnderdielen en struktueren sa as muorren, skouwen, treppen, mar ek nei de ynrjochtingseleminten sa as kasten, doarren, de ôftimmeringen en it hing- en slútwurk. Troch Toerstrjitte 3 te fergelykjen mei de oare wenningen fan it kompleks is in folslein byld ûntstien fan de tastân yn 1921. De wenningen hawwe in tradisjonele plattegrûn mei in foar dy tiid wenstige romtlike yndieling. Út bestek en boutekeningen falt op te meitsjen, dat de wenningen foarsjoen wiene fan in folslein elektryske ynstallaasje, mar dat de beide wenkeamers noch gasferljochting hiene: frij âlderwetsk mei al elektryske ferljochting yn de oare romten. Blykber waard gasferljochting noch wurdearre yn de wenfertrekken. De skoarstienmantels binne útfierd yn sacht readbrune en brúngrize marmers, in gegeven dêr't Van Doesburg mei te krijen hie en dêr't er syn kleurgebrûk yn de keamer op rjochtsje moast. De stoel dy't yn de romte stiet, is útfierd nei in ûntwerp fan Thijs Rinsema. Foar de dekoraasje fan syn atelier yn syn wenning yn Drachten ûntwurp er ferskate meubelstikken yn modernistyske styl. In rekonstruksje fan it atelier fan Thijs Rinsema fine jo yn de permaninte opstelling fan Museum Dr8888. Sjoch ek nochris nei de eftertún. Van Doesburg ûntwurp ferskate tegelflakken yn ljochtgriis, donkergriis en read. By de oplevering fan de wenning yn 2018 is dit ûntwerp foar it earst realisearre. Wy freegje jo no om troch te rinnen nei de keuken…

Press play to start the audio from the beginning

Museum Dr8888

Museum Dr8888 is in museum foar moderne en hjoeddeiske keunst yn it Fryske Drachten. Oan de hân fan in unyke kolleksje wurken fertelt it museum ferhalen, dy’t wy nea ferjitte meie. Benammen hoe’t Theo van Doesburg en de bruorren Rinsema yn de iere tweintichste ieu de ynternasjonale avant-garde nei Drachten bocht hawwe. Mei in grutte samling wurken út û.o. de keunstbewegings Dada en De Stijl, mar ek út it ekspresjonisme en de útrinners fan de Haagse School leit Museum Dr8888 de klam op it tiidrek tusken de beide wrâldoarloggen: it ynterbellum. Fotografy Mark Sekuur, Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed/Nasjonaal Agintskip foar Kultureel Erfgoed fan Nederlân