01. Wolkom

Wolkom yn it Van Doesburg-Rinsemahûs - de museumwenning fan Museum Dr8888. Jo hawwe niiskrekt útlis krigen oer it gebrûk fan dizze audiotoer en de film Krabben aan verf besjoen. Jo binne dus al reedlik ynfierd yn de matearje en kinne jo no rjochtsje op de besichtiging fan it grutste kolleksje-ûnderdiel fan Museum Dr8888. Ús museumwenning is nei seis jier ûndersyk en rekonstruksje yn 2018 iepene en draacht de namme fan de persoanen dy't tige wichtich wiene by it ta stân kommen fan dit hûs, hast hûndert jier ferlyn: Theo van Doesburg en de bruorren Thijs en Evert Rinsema. It ûntwerp fan de wenning dêr't jo no binne, kaam ta stân yn 1920; de wenning sels waard yn 1921 oplevere, mei kleuren sawol oan de binnenkant as oan de bûtenkant: it wie de earste wenning fan it kompleks middenstânswenningen dat oplevere waard. Der binne ferdield oer trije strjitten 16 wenningen realisearre, ûntwurpen troch gemeente-arsjitekt Cees Rienks de Boer en skildere neffens de kleureskema's, ûntwurpen troch Theo van Doesburg. De opdracht ta it ûntwerpen fan de kleureskema's waard jûn doe't de bou al fierhinne klear wie. Van Doesburg begûn dus al mei in efterstân en moast hurd wurkje om net fierder efter te reitsjen. En de ûndersikers kamen ta ferrassende ûntdekkingen doe't se trochkrongen ta de earste lagen ferve. De bysûndere gearwurking tusken Van Doesburg en De Boer smiet in ferrassend en prachtich resultaat op dat mei gjin inkele oar wenhûs of wenningkompleks te fergelykjen falt. Wy winskje jo in soad plezier by jo besite oan it Van Doesburg-Rinsemahûs. Rin no troch de keuken en de gong nei de foarkeamer dêr't it folgjende part fan de audiotoer begjint:

Press play to start the audio from the beginning

Museum Dr8888

Museum Dr8888 is in museum foar moderne en hjoeddeiske keunst yn it Fryske Drachten. Oan de hân fan in unyke kolleksje wurken fertelt it museum ferhalen, dy’t wy nea ferjitte meie. Benammen hoe’t Theo van Doesburg en de bruorren Rinsema yn de iere tweintichste ieu de ynternasjonale avant-garde nei Drachten bocht hawwe. Mei in grutte samling wurken út û.o. de keunstbewegings Dada en De Stijl, mar ek út it ekspresjonisme en de útrinners fan de Haagse School leit Museum Dr8888 de klam op it tiidrek tusken de beide wrâldoarloggen: it ynterbellum. Fotografy Mark Sekuur, Rijksdienst voor het Cultureel Erfgoed/Nasjonaal Agintskip foar Kultureel Erfgoed fan Nederlân